Home

Wolkom op de webside fan toanielferiening Snypsnaren út Aldemardum.

Snypsnaren hat as doel om alle winters in stik op ’e planken te bringen.
Dit jier is der net keazen foar it wintertoaniel, mar foar in iepenloftspul. Of hoe’t wy it sels neame; in ‘Bosk&Loftspul’!

Op de heuvels fan Gaasterlân, tusken de beammen, mei útsicht oer de Iselmar, sille wy fan 26 maaie oant en mei 4 juny in histoaryske en fabelachtige foarstelling delsette.

Kaarten binne fan no oan ôf te bestellen fia dizze webside of by ferkeappunten rûnom yn Gaasterlân!

Graach oant sjen by ien fan de foarstellingen!

snypsnaren tegel

Bestel hjir jo kaarten!